Aksje Groate Kerk rint goed

06 jan 2010 - 16:40
  • De Groate Kerk fan Sint Jabik

De jildynsammelsaksje foar it opknappen fan 'e Groate Kerk yn Sint Jabik rint as in trein. De tsjerke moat foar in heal miljoen euro opknapt wurde. Foaral it dak, de toer en de flier binne min. De stichting hat al twa grutte bedraggen binnen.

De Bildtse Bank jout 50.000 euro en it VSB-fûns hat 25.000 euro tasein. Neist de kosten fan renovaasje fan it gebou wol de stichting ek de ynrjochting oanpakke. Ferljochting, poadium en de lûdsynstallaasje moatte ferfongen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)