Aksje fytspaad Berltsum-Rie

28 apr 2012 - 12:41

Sawol yn Berltsum as yn Rie is sneon aksje fierd foar de oanlis fan in fytspaad tusken beide doarpen. Want it ûntbrekken fan in fytspaad soarget dêr foar gefaarlike situaasjes. Fan beide kanten ôf gongen minsken mei de fyts oan de hân op paad om elkoar tusken de beide doarpen te treffen.

Underweis stiene fyftjin minsken dy't al in kear oanriden binne of wat oars meimakke hawwe op de dyk om har ferhaal te fertellen. Boeren hiene de grutte masines oan de dyk set om dúdlik te meitsjen mei hokker ark se ûnderweis binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)