Aksje Fryske feehannelers

15 apr 2003 - 00:00

Fryske feehannelers hawwe tiisdeitejûn yn Den Haach aksjefierd foar it tastean fan de hannel yn weidfee op de feemerk. Neffens foarsitter Brinksma fan it bûn fan Fryske feehannelers is it fan grut belang dat dit op koarte termyn tastien wurdt.

Oant no ta mei der allinne mar yn slachtfee hannele wurde. Woansdei wurdt yn de fêste keamerkommisje wer oer dit punt praat. De feehannelers wolle dêr by wêze om har eask krêft by te setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)