Aksje Frosk wol noadich

19 jul 2011 - 14:59
  • Swimbad "De Frosk"

It aksjekomité foar swimbad De Frosk yn De Westereen is benaud dat minsken jûn net nei de riedsgearkomste oer it swimbad gean, omdat se tinke dat it swimbad dochs wol iepenbliuwt. Ferline wike lutsen B&W it plan om it swimbad te sluten yn. Doel is no dat it oernommen wurdt troch de Conegroep en dat it noch tsien jier iepenbliuwt.

Neffens de aksjegroep is it lykwols noch lang net wis dat de gemeenteried akkoart giet. Aksje is noch altyd noadich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)