Aksje frachtweinsjauffeurs

04 apr 2003 - 00:00

Frachtautosjauffeurs hawwe freedtemoarn it kantoar fan wurkjouwersferiening Transport en Logistiek Nederland yn Drachten blokkearre. Transportbedriuwen hâlde harren faak net oan de CAO. Sa soene de wurkjouwers in regeling tsjinwurkje wêrmei't neilibbing fan 'e CAO kontrolearre wurdt.

Fierders is it leanoanbod fan 1,7 persint te leech, ek omdat der koarten wurdt op it syktejild. Mooglik komme der letter hurdere aksjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)