Aksje frachtweinen op A7

12 jun 2008 - 14:08
  • File troch de aksje fan frachtweinen

By de aksje fan frachtweinsjauffeurs wie tongersdei tusken It_Hearrenfean en Drachten sa'n tsien kilometer file. De sjauffeurs protestearren tsjin de hege brânstofprizen. Meiïnoar is der yn Nederlân ûnder it motto 'de maat is vol' op achttjin plakken stadich riden. De brânzje-organisaasjes binne foaral lulk oer it feit dat it kabinet de aksyns mei yngong fan 1 july ferheegje wol.

De aksje is yn Fryslân sûnder problemen ferrûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)