Aksje foar wyksintrum De As

16 des 2010 - 23:27
  • Wyksintrum De As op It Hearrenfean
  • (foto's Omrop Fryslân)

Wyksintrum de As op It Hearrenfean wurdt mooglik sletten. It gebou is eigendom fan wolwêzenorganisaasje Caleidoscoop, mar dy moat 450.000 euro besunigje. Brûkers fan it wyksintrum hawwe dêrom in aksjekomitee yn it libben roppen: 'Behoud de As'. Mei ferskate aksjes wolle se besykje derfoar te soargjen dat se it gebou behâlde kinne. Yn jannewaris sille se mei Caleidoscoop om de tafel om te praten. Komme se der net út, dan folgje der mooglik aksjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)