Aksje foar ûntfangst Omrop

28 jan 2003 - 00:00

De provinsje Fryslân en de Fryske Twadde-Keamerleden sille by de oerheid oan de bel lûke omdat de útstjoerings fan Omrop Fryslân Radio lang net oeral mear goed te ûntfangen binne. Sy fine dat ferantwurdlik steatssekretaris Wijn ynkoarten aksje ûndernimme moat.

De problemen begûnen doe't de Omrop fan 88,6 nei 92,2 FM ferhuze. Kommissaris Nijpels fynt dat de Omrop Fryslân Radio, as rampestjoerder, oeral goed te ûntfangen wêze moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)