Aksje foar Tryater en Oerol

16 jun 2011 - 14:08
  • Nynke Laverman skreau ek in protestbrief

Tryater en Oerol binne bot yn aksje tsjin de besunigings dy't it kabinet har oplizze wol. Mear as 300 protestbrieven fan bekende en ûnbekende Friezen ha it teaterselskip en it festival al ynsammele. Dêrmei wolle se de Twadde Keamer op oare gedachten bringe.

De Keamer beslút 27 juny oer it plan om Tryater en Oerol gjin rykssubsydzje mear te jaan. As Tryater hast twa miljoen euro besunigje moat, komt it fuortbestean yn gefaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)