Aksje foar Talma Hoeve

05 nov 2014 - 16:32
  • Talma Hoeve yn Feanwâlden

Doarpsbewenners fan Feanwâlden komme yn aksje foar fersoargingshûs Talma Hoeve. Dat is ien fan de trije lokaasjes dy't soarchgroep Pasana slute wol. Inisjatyfnimmers binne fia Facebook in aksje begûn ûnder de namme 'Red Talmahoeve Veenwouden'. Binnen inkele oeren krige de side inkele hûnderten stipers.

Mei de aksje wol de groep berikke dat Talma Hoeve iepen bliuwt. Boppedat ha se grutte soargen oer de bewenners en it personiel dat der wurket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)