Aksje foar Sri Lanka stopset

12 jan 2005 - 11:53

Stichting Lanka Lamai út Surhústerfean hat de lanlike aksje om guod yn te sammeljen foar Sri Lanka stopsetten. Se kinne de tûzenen kilo's fan klean en oar guod net mear ferwurkje.

De stichting is ymporteur fan guod út Sri Lanka foar alle 400 wrâldwinkels yn Nederlân. Fia dy wrâldwinkels en tsjerken is it guod ynsammele. Op dit stuit binne der al in 16 konteners fol mei guod nei Sri Lanka tagien. Der kin noch jild stoart wurde op 341077771.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)