Aksje foar skoalle Goaiïngaryp

29 feb 2008 - 11:38

De CDA-keamerleden Sander de Rouwe en Jan Jacob van Dijk hawwe keamerfragen steld oer de mooglike sluting fan de skoalle yn Goaiïngaryp. It ministearje wol de skoalle mei yngong fan augustus net mear bekostigje omdat de skoalle ûnder de noarm fan 23 learlingen sit.

De Rouwe en Van Dijk litte steatssekretaris Dijksma witte dat der op dit momint nijbou plakfynt yn it doarp. Dêtroch kin it tal learlingen mooglik wer boppe de noarm útkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)