Aksje foar sike Amir Jonas

25 nov 2011 - 15:21

Yn Easterwâlde wurdt in ynsammelaksje hâlden foar de slim sike Amir Jonas. Hy wol graach dat syn harsentumor yn Dútslân behannele wurdt. Om it jild dêrfoar op it kleed te krijen, is syn frou in aksje begûn.

Jonas is nei fyftjin kear bestrieling útbehannele, mar de kanker is net út syn lichem ferdwûn. Syn sicht wurdt minder, rinne en fytse docht er allinne mei in alarmkaartsje dat syn frou foar him makke hat. De hope is no festige op in behanneling yn Dútslân dy't 43 persint kâns fan slagjen jout. Dy terapy kostet 38.000 euro. Dat bedrach moat mei in ynsammelaksje byinoar helle wurde. Der is oant no ta 14.000 euro binnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)