Aksje foar Serious Request

24 des 2007 - 13:23

Fryske muzikanten nimme moandei yn in studio yn Loenen oan de Vecht de Suderseebalade op 'e nij op. Doel is om mei de plaat jild yn te sammeljen foar de Serious Request aksje fan 3FM.

DJ's fan dy lanlike radiostjoerder sitte seis dagen yn in glêzen hûs en sammelje safolle mooglik jild yn foar it Reade Krús. Dat jild wurdt brûkt minsken yn de wrâld te foarsjen fan skjin drinkwetter. It idee foar de CD komt fan âld-Bilker Titia Lont.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)