Aksje foar sanitêr yn Mozambyk

27 okt 2014 - 22:06

De gemeente Ljouwert is úteinset mei in projekt om 8000 skoalbern en kwetsbere minsken yn Mozambyk oan wetter en sanitêr te helpen. Mei de aksje 'Elke druppel telt' wurde advertinsjes pleatst, folders útdield en spesjale aksjeflessen mei wetter ferkocht om jild yn te sammeljen. Dat wurdt brûkt foar de oanlis fan húskes en streamend wetter. Ien sa'n húske kostet 10 euro.

It projekt is ûnderdiel fan in grutter gearwurkingsferbân foar Mozambyk. Dêryn wurkje de Fryske gemeenten, provinsje, wetterskip, Vitens, Omrin en de NHL mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)