Aksje foar rolstoel foar Sam

09 okt 2013 - 16:30
  • Sam Raven
  • Foppe de Haan roeit foar rolstoelaskje op skoalle

Skoalle De Burcht op It Hearrenfean komt yn aksje foar in sportrolstoel foar learling Sam Raven. Dêr is op syn minst 20.000 euro foar nedich. De skoalle hâlde dêrfoar woansdei in sportmaraton.

Sam sit op rolstoelhockey. Dêrfoar moat er in spesjale rolstoel hawwe. It Foppe Fûns leveret dêr in bydrage foar. Foppe de Haan wie woansdei heechstpersoanlik op de skoalle om in potsje te roeien. De aksje hat woansdei de earste trijetûzen euro opsmiten.

Sam sit ien dei yn de wike op De Burcht en de oare dagen yn Beetstersweach. De skoalle kombinearret de rolstoelaksje mei de foarlêswike. Njonken de bern dogge ek learkrêften en âlden mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)