Aksje foar rjochten fan heiten

29 apr 2006 - 14:14

Superman en Bob de Bouwer wienen freed yn Ljouwert. De as tekenfiguerkes ferklaaide mannen fierden aksje en sammelen hantekens. Dat dienen se foar 'Family 4 Justice'. Dizze lanlike organisaasje striidt foar de rjochten fan heiten dy't har bern net mear sjen meie nei in skieding.

De Fryske aksje wie in stipe foar de Ljouwerter Kaptijn. Hy moast foar de klachtekommisje ferskine. Hy hie in klacht tsjin de bernebeskerming.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)