Aksje foar opknapbeurt oargel

23 maaie 2007 - 22:22

Der is 35 tûzen euro nedich om it oargel fan de âlde grifformearde tsjerke fan Easterein te rêden. De stichting 'Red een orgel', ûnder lieding fan keunster Gerko Roggeveen, is in aksje begûn om dat jild byelkoar te krijen.

Roggeveen hat 4 jier lyn de tsjerke kocht en it oargel oernaam. It 100 jier âlde ynstrumint wurdt noch faak brûkt by musikale eveneminten, mar it lûd is al skoften net suver mear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)