Aksje foar Oerolpoadium

24 feb 2014 - 12:26
  • Oerolpoadium op it Griene Strân op Skylge

It Griene Strân moat as Oerolpoadium behâlden bliuwe. Mei dat doel hat Evelien Dam út Ljouwert in petysje op tou set. De organisaasje fan Oerol wol dat it poadium tenei op it Betonningterrein komt te stean. Dêr soene mear besikers hinne kinne en it soe dêr sfearfoller wêze.

Hûnderten besikers binne it dêr net mei iens. Dam hat dêrom de petysje opset op de webside www.petities.nl. Se wol de hantekens healwei maart oanbiede oan de organisaasje fan it Oerolfestival. Dam seit dat it Griene Strân de measte sjarme hat fan it Skylger festival.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)