Aksje foar Muzyk Maskelyn

23 maaie 2013 - 15:13
  • De facebookpagina foar Muzyk Maskelyn

Op Facebook en op Twitter is in aksje begûn foar it behâld fan it Omrop Fryslân radioprogramma Muzyk Maskelyn. De aksje hjit 'Muzyk Maskelyn moet blijven'. De inisjatyfnimmers skriuwe dat se it har net foarstelle kinne dat Muzyk Maskelyn en har meiwurkers net langer mear belutsen wêze sille by blaasmuzykeveneminten en dat dy net mear it omtinken krije dat se fertsjinje. Op Facebook is de side no mear as 60 keer 'liked'.

It muzykprogramma foar harmony, fanfare en brassband ferdwynt yn septimber. De reden is dat de Omrop besunigje moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)