Aksje foar lytse winkels

04 apr 2003 - 00:00

Lytse winkels yn it sintrum fan Ljouwert moatte mear publyk lûke. Dat fynt alteast de wurkgroep Slappe Douwe, in belange-organisaasje foar lytse ûndernimmers.

De wurkgroep hat in kistje útbrocht dat by de kassa's komt te lizzen. Dêryn sitte kaartsjes mei adressen fan alle lytse selsstannige ûndernimmers. Winkeljend publyk kin dy kaartsjes meinimme en sa moat mear publyk nei de lytsere saken ta komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)