Aksje foar Iraneeske suskes

06 okt 2009 - 09:02

It Singelland Kolleezje yn Drachten komt yn aksje om de útsetting fan twa learlingen foar te kommen. It giet om twa suskes fan 15 en 18 jier út Iran. Sy hawwe goed oardel moanne lyn te hearren krigen dat har asyloanfraach ôfwiisd is. Nei twa wiken ûnderdûken ha se har ferline wike by de plysje melden en binne se oerbrocht nei it útsetsintrum yn Ter Apel.

Tolve freondinnen fan it Singelland Kolleezje hawwe in hantekenaksje op tou setten, mei help fan de skoalle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)