Aksje foar hegere molkpriis

08 maaie 2007 - 19:45
  • Sita van Keimpema

In aksje woansdei fan molkfeeboeren by ûnder mear it haadkantoar fan Friesland Foods yn Meppel, kampt mei tsjinslach. Boeren soene juster in oprop yn de brievenbus krigen ha mei in oprop mei te dwaan oan de aksje, mar dy binne noch net besoarge.

Om 11 oere fiert de Dutch Dairymen Board aksje foar in hegere molkpriis. No krije se minder as de kostpriis, wylst der op de wrâldmerk grut ferlet is fan molke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)