Aksje foar 'griene grins'

18 maaie 2011 - 12:39

Doarpsbelang Top en Twel wol net dat Snits te ticht op it doarp komt. De gemeente Sudwest-Fryslân wol it bestimmingsplan oanpasse sadat in bedriuw op goed 140 meter fan Top en Twel komt, wylst in eardere ôfspraak wie dat neat binnen 200 meter fan de doarpsgrins komme soe.

Doarpsbelang ropt no yn in brief oare doarpen op yn aksje te kommen. Neffens Top en Twel soene ek de oare doarpen yn gefaar wêze. Ek dêr soe de griene grins lytser makke wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)