Jildaksje foar galery yn Snits

07 sep 2013 - 12:25
  • Galery BAS (Beeldend Actief Sneek)

Sechstich keunstners en stipers fan keunstgalery BAS yn Snits komme yn aksje om de galery iepen te hâlden. Troch de ferkeap fan eigen keunstwurken hoopje se genôch jild yn te sammeljen om de galery yn it sintrum fan Snits iepen te hâlden.

De takomst fan de galery stiet faai no't de gemeente net langer de hier betelje wol. De gemeente Snits die dat altyd wol, mar de nije gemeente Súdwest-Fryslân hat it mes set yn de kulturele subydzjes. Der is 15.000 euro nedich. As dat der net komt, sil de galery op ien of oare wize wol sichtber bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)