Aksje foar fergees parkearen

07 jun 2013 - 14:38
  • Niek Geelhoed, Dokkumer ûndernimmersferiening

As de gemeente it parkearen fergees makket, wolle ûndernimmers yn Dokkum sinten yn it toerisme stekke. Se hawwe in list mei 10 punten oerlange oan de gemeenteried fan Dongeradiel. Sa wolle se kadootjes foar boatsjefarders, fergees wifi en boadskipje op snein.

De diskusje oer it parkearen oan de râne fan de stêd spilet al langer. Undernimmer fine dat it fergees wurde moat. Troch it betelle parkearen komme minder minsken te winkeljen, sizze de ûndernimmers. Dy gean leaver nei boadskipsintra lykas Damwâld en Kollum, dêr't parkearen fergees is.

De gemeente rint ynkomsten mis as der der gjin beteljende autoparkearders komme. Dat jild moat dan wer út it toerismefûns komme. De ûndernimmers wolle dat no opfange mei it tsienpuntenplan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)