Aksje foar doarpshûs Jirnsum

20 sep 2003 - 00:00

Ynwenners fan Jirnsum ha freed massaal rinteleaze lieningen jûn foar de renovaasje fan it doarpshûs. Fan de 700 saneamde pânbrieven binne yn ien klap al 350 ferkocht. Dêrmei is de finansiering fan 400.000 euro foar it opkreazjen fan it doarpshûs in stik tichterby kaam.

Sa'n 43 frijwilligers gongen freed by de doarren lâns om de pânbrieven oan de man te bringen. Bewenners kinne foar 50 euro sa'n brief keapje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)