Aksje foar brêge Ravenswâld

07 okt 2003 - 00:00

Pleatslik Belang Ravenswâld ropt de ynwenners op om tiisdeitejûn nei it gemeentehûs yn Easterwâlde te kommen. De riedskommisje praat oer de brêge yn it doarp. Dy moat ferfongen wurde troch in dûker, mar dat wolle bewenners net. Se wolle dat de histoaryske brêge opknapt wurdt.

B en W ha al sein dat se de ried útstelle wolle de brêge op te knappen. Dochs is de aksjegroep benaud dat de kommisjeleden dat net wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)