Aksje foar bou supermerk

12 nov 2005 - 09:05

In tal ynwenners fan Holwert fiert aksje om de bou fan in supermerk yn it doarp troch te setten. De rjochter hat de bou fan de winkel koartlyn stillein, omdat omwenners beswier oantekene hiene.

Oare ynwenners wolle wol graach dat de winkel der komt en binne mei in hantekenaksje begûn. Ek ha se posters meitsje litten dy't foar de ruten hongen wurde kinne, om oan te jaan dat de supermerk der wol komme moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)