Aksje foar better popklimaat

25 jan 2006 - 13:41

Poppoadium Iduna yn Drachten fiert mei it populêre rapduo Beand Baas en Smarige Skep aksje foar in better popklimaat foar begjinnende Nederlânske artysten. It rapduo sil oan wethâlder Veenstra fan Smellingerlân freegje om de Popnota te ûndertekenjen. De bedoeling is dat oare sintra yn it lân dat foarbyld folgje.

Yn de nota stiet ûnder oaren dat der in fûns komme moat om begjinnend Nederlâns talint te stypjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)