Aksje foar behâld swimbad

08 apr 2010 - 21:44
  • Protest by it gemeentehûs fan Frjentsjerteradiel

Leden fan swimclub FZC'54 yn Frjentsjer hawwe tongersdeitejûn manmachtich protestearre tsjin de besunigingsplannen fan it nije kolleezje. Ien fan dy plannen is it sluten of ferkeapjen fan it swimbad en it ôfskaffen fan it skoalswimmen. Dat soe goed 350.000 euro yn it jier opsmite moatte. Dat jild kin de gemeente hiel goed brûke.

FZC tinkt dat it sluten fan it swimbad ek it ein betsjut fan de feriening, dy't al mear as 50 jier bestiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)