Aksje foar behâld feemerk

20 jul 2000 - 13:36

De feehannelers yn Fryslân hâlde in hantekenaksje ûnder boeren om de feemerk yn stân te hâlden. De hannelers wolle sa dúdlik meitsje dat de NLTO ophâlde moat mei it spuien fan krityk op de feemerk.

De NLTO fynt dat it fee better fuortendalik by de slachterij ôflevere wurde kin. De kâns op sprieding fan syktes is dan lytser. Neffens de hannelers falt it mei dy sprieding wol wat ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)