Aksje foar behâld beammen

07 mrt 2013 - 22:53

In groep aksjefierders út Sumar, Garyp en De Tike binne tongersdeitejûn yn aksje kaam tsjin de beammekap foar de Sintrale As. De provinsje wol kommend wykein 400 ikebeammen fuorthelje foar de oanlis fan de nije dyk. Omwenners binne hjir poer op tsjin.

In groep aksjefierders hat dêrom alle beammen beskildere mei in nûmer sadat it foar de minsken dy't dêr del komme dúdlik wurdt om hoefolle beammen it giet.  

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)