Aksje foar Afgaanske jonkjes

07 mrt 2012 - 12:29

De iepenbiere basisskoalle yn Akkrum komt yn aksje foar twa Afgaanske beukers op skoalle. De broerkes Ali Abbas en Ali Hassan driigje mei har heit en mem útset te wurden. De jonkjes binne 4 en 5 jier en yn Nederlân berne en opgroeid. De heit en mem ha koartlyn te hearren krigen dat se werom moatte nei har heitelân. Se binne nei 11 jier útprosedeard. De skoalle hat in brief skreaun oan Twadde Keamerleden en de gemeente Boarnsterhim. Guon keamerleden ha al witte litten dat se fragen oer de kwestje stelle oan minister Leers fan frjemdlingesaken.

De útsetdatum is 16 maart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)