Aksje FNV tsjin plannen kabinet

03 sep 2003 - 00:00

It fakbûn FNV hat grutte problemen mei ferskate plannen fan it kabinet Balkenende. Om de minsken hjiroer yn te ljochtsjen en har op te roppen foar in grutte manifestaasje yn it Martiniplaza yn Grins op 13 septimber, ried in spesjale FNV aksjebus troch Fryslân, Grinslân en Drinte.

De bus wie woansdei yn Ljouwert en Drachten. FNV-meiwurkster Annelies Ossel rôp de minsken op ta aksje. Net folle minsken reagearren op de oprop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)