Aksje ferloskundigen yn Utert

11 mrt 2009 - 15:33

In delegaasje Fryske ferloskundigen hat woansdei yn Utert demonstreard by it kantoar fan de Nederlandse Zorgautoriteit. De ferloskundigen wiene dêr omdat se fine dat de soarch foar memmen en poppen yn gefaar komt. omdat de wurkdruk te heech is.

De ferloskundigen moatte fan 'e NZA 110 kliïnten yn it jier helpe, wylst se mei 100 al op in 40-oerige wurkwike sitte. De ferloskundigen ha dat foarlein oan de soarch-autoriteit. Se ha it idee dat der ek nei harke is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)