Aksje 'feilich reedride'

22 des 2007 - 13:27

De keunstiisbanen binne sneon fan start gien mei de lanlike aksje 'Veilig schaatsen, meer plezier'.

Dit om ûngelokken op de iisbanen foar te kommen. Hieltyd mear jongeren binne net goed op de hichte fan de regels op de iisbaan. Dêrom wurde de fjouwer wichtigste regels goed kenber makke: de wanten oan, ôfstân hâlde, de goeie kant op ride en net ite op it iis. Yn Ljouwert gebeure jierliks sa'n 5 ûngelokken op 100.000 besikers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)