Aksje fan Rinsma Fashion foar Nepal

29 apr 2015 - 15:00
  • Ravaazje yn Nepal

Rinsma Fashion fan De Gordyk komt yn aksje foar Nepal. De kleanwinkel hat de stichting Rinsma Nepal Foundation en iepene ôfrûne novimber in naaiatelier yn Nepal. It gebou is ierdbevingsbestindich en stiet noch oerein. It docht no tsjinst as opfanglokaasje. Fanwege de belutsenheid mei Nepal wol Rinsma no help biede oan it lân dat dit wykein troffen waard troch de swierste ierdbeving yn 80 jier.

De kleansaak donearret foar alle oankeapen dy't tongersdei, freed en sneon dien wurde 10 euro.

Alle donaasjes dy't binnenkomme op it rekkennûmer fan de stichting, sil Rinsma ferdûbelje. It jild wurdt fia de gearwurkingspartners yn Nepal fuortendaliks oan de ynwenners fan it troffen gebiet jûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)