Aksje fan plysje giet troch

07 jan 2008 - 12:30
  • de plysje sil guon oertreders net beboetsje yn it ramt fan de aksje

Troch resinte plysje-aksjes binne tsientûzenen bekeurings minder útdield as yn deselde tiid ferline jier. It Ryk rint sa goed fiif ton mis oan ynkomsten.

Om't de minister net temjitte komt oan de easken fan de fakbûnen foar mear lean, diele plysjes foar lytse oertredings gjin boetes út. Dizze wike wurde ek swierdere oertredings net beboete. De Fryske plysje docht nije wike mei oan de lanlike aksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)