Aksje fan PABO-studinten

10 feb 2001 - 14:29

Pabo-studinten fan de Ljouwerter hegeskoallen NHL en CHN ha freed by it ûnderwiisministearje aksje fierd. De 150 studinten wolle in fergoeding fan 1500 gûne yn 'e moanne foar de staazje dy't se yn it lêste jier op skoalle dogge.

De studinten steane yn it fjirde jier selsstannich foar de klasse. Foaral yn it noarden bart it faak dat masters en juffen yn spee gjin fergoeding krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)