Aksje fan feehannelers

03 feb 2004 - 00:00

Feehannelers kinne har wurk net goed mear dwaan troch strange regels. Om dat dúdlik te meitsjen oan de polityk setten 15 hannelers tiisdei ôf nei Den Haach om in petysje oan te bieden. De regels foar sammelplakken binne sa strang dat der yllegale sammelplakken komme. Der binne ek te min plakken neffens de feehannelers.

De petysje is oanbean oan Joop Atsma, Twadde-Keamerlid fan it CDA. Der wienen 100 aksjefierders út it hiele lân by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)