Aksje driget op golfbaan St. Nyk

05 maaie 2004 - 00:00

Wurknimmers fan de golfbaan yn Sint Nyk driigje mei aksje. Mooglik lizze se it wurk del om't se net genôch betelle krije. De 'greenkeepers', minsken dy't de baan ûnderhâlde, falle ûnder de CAO foar hofkers mar krije dêr net neffens betelle.

De fakbûnen prate mei wurkjouwer Burg Golf dêr't ek fjouwer oare golfbanen yn Nederlân ta hearre. As de partijen der net útkomme, ha de bûnen in ultimatum steld. Dat rint woansdei 12 maaie ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)