Aksje by Dokkumer bedriuwen

26 feb 2008 - 21:42

By sân metaalbedriuwen yn Dokkum en omjouwing lizze meiwurkers woansdei it wurk del. De staking makket diel út fan lanlike aksjes foar in bettere cao yn de metaal.

Dokkum is woansdei it spearpunt fan dy lannelike aksje. Moandei waard der staakt by 6 metaalbedriuwen op It Hearrenfean. Sa'n 400 metaalwurkers dogge mei oan de aksje. It grutste bedriuw dêr't aksjefierd wurdt is ynstallasjebedriuw Pranger Rosier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)