Aksje bûnen by 'Oranjewoud'

14 maaie 2003 - 00:00

De bûnen ha woansdei mei tal fan aksjefierders ballonnen oplitten en oranjebitter dronken by it haadkantoar fan yngenieursburo Oranjewoud op It Hearrenfean. Sy komme dêrmei yn aksje tsjin it stikkenrinnen fan de CAO- ûnderhannelings.

De bûnen easkje in strukturele ynflaasjekorreksje fan 2,5 prosint op it jierlean. Oranjewoud wol safier net gean. Troch de aksje sille partijen no al wer mei-elkoar om 'e tafel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)