Aksje brânwacht tsjin kabinet

20 okt 2004 - 10:10

De brânwacht yn Ljouwert sil tongersdei mei grut materieel aksjefiere tsjin it kabinetsbelied. Sy dogge dat sawat in oere lang yn de moarnsspits op de Grinzerstrjitwei fan acht oere ôf. Eardere aksjes fan de brânwacht yn Amsterdam en Rotterdam rûnen flink út de hân.

De animo ûnder it brânwachtpersoneel liket net al te grut. In 25 minsken hawwe har no melden, mar dat kinne der noch mear wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)