Aksje Bilt foar lytse skoallen

18 feb 2013 - 21:02
  • In lytse skoalle

It Bilt wol yn aksje komme om foar te kommen dat de opheffingsnoarm foar lytse skoallen echt fan 23 nei 100 learlingen giet. Dat seit wethâlder Nel Haarsma. De gemeente is krekt dwaande mei in proefprojekt om kristlike en iepenbiere skoallen yn de doarpen byelkoar te krijen om opheffing foar te kommen. Yn Froubuorren is dat krekt slagge. Aldebiltsyl soe it folgjende doarp wêze.

Wethalder Haarsma is benaud dat it hiele projekt faai komt te stean troch it advys fan de ûnderwiisried oan de minister.

De ried wol skoallen mei minder as hûndert learlingen opheffe. Haarsma hat al oerlein mei oare gemeenten om in petysje of in oare aksje op te setten. Sy tinkt dat de ûnderwiisried by it advys te min rekken hâlden hat mei de omstannichheden op it plattelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)