Aksje bettere CAO foar ynternaat

16 mrt 2006 - 13:53

Wurknimmers fan it Lemster skippersynternaat komme tongersdei yn Den Haag yn aksje foar in bettere CAO. Op it stuit wurkje noch tsien minsken op it iennige Fryske ynternaat, mar dy fertsjinje nei eigen sizzen fierste min.

Under lieding fan it fakbûn FNV sille de Lemsters tegearre mei 120 meiwurkers fan oare ynternaten in petysje oanbiede oan steatssekretaris Ross-Van Dorp fan folkssûnens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)