Aksje better iepenbier ferfier

23 nov 2011 - 11:43

Gjin grutte opkomst woansdeitemoarn by de aksje foar better iepenbier ferfier fan skoalbern Berber Aardema fan De Lemmer. Berber giet alle dagen mei de bus fan De Lemmer nei Snits en se komt faak tsjin dat bussen net op 'e tiid ride, fol sitte of smoarch binne. Mei leden fan de SP stie se woansdeitemoarn betiid by De Jouwer om dêr deputearren en steateleden op te fangen. Dy stapten op de bus foar in wurkbesite oan Brussel.

Berber Aardema hat har ferhaal dwaan kind by deputearre Kramer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)