Aksje berneopfang

05 sep 2008 - 20:26

De Stifting Berneopfang Fryslân fiert aksje tsjin de besunigingsplannen op gastâlderopfang. De oerheid hat plannen om fan 2010 ôf miljoenen te besunigjen op dizze foarm fan berneopfang. De Stifting Berneopfang Fryslân fynt dit ûnakseptabel.

Neffens de stifting binne der in soart âlders dy't gebrûk meitsje (wolle) fan gastâlderopfang. De stifting ropt derom âlders en gastâlders op om in aksjekaart nei steatssekretaris Sharon Dijksma fan ûnderwiis te stjoeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)