Aksje by Belestingtsjinst

26 mrt 2007 - 10:33

By de Belestingtsjinst wurdt moandei en tiisdei de tillefoan net opnommen. De amtners fiere sa aksje foar in bettere cao foar ryksamtners. Dêr wurdt al moannen aksje foar fierd, ek troch ûnder oaren amtners by justysje en finzenissen.

Ferline wike moandei waard der ek al aksjefierd by de Belestingtsjinst. Dizze wike wurdt de aksje útwreide nei twa dagen. Dat giet sa troch om de druk op de minister te fergrutsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)